Bern drinke mear breezers

25 jul 2006 - 15:46

It alkoholgebrûk by jonge bern nimt de lêste seis jier alarmearjende foarmen oan. Dat komt benammen troch de yntroduksje fan de breezers, mjuksen fan frisdrank mei sterke drank. Dat seit previnsjemeiwurker Marcel Seuninga fan Verslavingszorg Noord-Nederland.

De ferslavingssoarch hat dizze simmer wer twa kampanjes pland om jongeren op de gefaren fan alkohol te wizen. Dat is mei de Snitswike en op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)