Mear lisplakken nedich op Waad

© Omrop Fryslân
Der binne mear lisplakken nedich yn de jachthavens op de Waadeilannen. Hieltyd faker kinne skippen net terjochte yn de haven en se sykje dan in plakje op it Waad om foar anker te lizzen.
Boargemaster Jurrit Visser is it der net mei iens dat it ryksbelied gjin útwreiding ta stean wol. Dat mei net om de natuer te sparjen, mar skippen dy 't op it Waad ankerje soarchje ek foar natuerbelesting, fynt Visser.