Mear pykjes oerlibje op Skier

© Omrop Fryslân
De stippekaart dy't de fûgelwacht Skiermûntseach brûkt om jonge fûgels te beskermjen, wurket. Der binne it ôfrûne briedseizoen mear jongen grut wurden as oare jierren. Boeren meane it lân mei help fan in stippekaart dêr't de nêsten op steane. Ek meane se net al it gers yn ien kear sa't de pykjes harren altyd ferskûlje kinne yn heech gers.
Der binne mear ljippen en tsjirken teld en ek in pear skriezen.