Jongsma fan Harkema nei Zwolle

25 jul 2006 - 11:42

Fuotballer Anton Jongsma fan Harkemase Boys hat in kontrakt foar ien jier by earste-divyzjeklub Zwolle krigen. Fierder hat er in opsje foar noch in jier.

Anton Jongsma wie de ôfrûne wiken op proef by de FC Zwolle. Dêr hat er in goeie yndruk makke. Jongsma kaam twa jier lyn by Harkemase Boys. Dêrfoar spile er by Achilles '94 út Assen, de BV Veendam en FC Grins. By dy lêste club folge er de jeugdoplieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)