Mear allergy troch waarm waar

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan anti-allergymiddels is de ôfrûne wiken bot tanaam. Aptekers yn de provinsje ferkeapje folle mear as yn deselde periode ferline jier. It giet om middels tsjin heakoarts en sinne- en allergy foar bûtenwetter.
Apteker Jan Greving tinkt dat it waarme waar de wichtichste oorsaak is: de pollen dy't hooikoorts feroarsaakje bliuwe folle langer hingjen. Ek troch lang yn de sinne lizzen kinne allergyske reaksje ûntstean.