Rekordtal gadingmakkers VV-priis

25 jul 2006 - 09:51

Der binne 71 ynstjoerings binnen kaam foar de provinsjale Vredeman de Vries-priis foar arsjitektuer. Dat is in rekord. De winner fan de priis wurdt ein novimber bekend makke.

In faksjuery hat yntusken in seleksje makke fan 19 objekten, dy't de ôfrûne twa jier yn Fryslân realisearre binne. Nei de simmerfakânsje sil de sjuery út de 19 objekten fiif nominearje, dy't dan kâns meitsje op de Vredeman de Vries-priis 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)