Perreiro Sio fytst yn Fryslân

25 jul 2006 - 09:51

De Profronde fan Surhústerfean belibbet nije wike tiisdei syn 25ste jubileum. Moandei waarden de dielnimmers oan dit kritearium bekend makke. Bekendsten binne de Spanjaard Pereiro Sio, de nûmer twa fan de Tour, en de Noar Hushovd dy't de lêste etappe snein yn Parys wûn.

Mei-elkoar dogge 12 fytsers út de Tour mei, wêrûnder sân Nederlanners. Neist Pieter Weening binne dat ûnder mear Erik Dekker en Joost Posthuma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)