Unrêst yn Snits en Langwar

23 jul 2006 - 14:34

De plysje hat sneontejûn twa ynwenners fan Snits oanhâlden. De manlju, 32 en 33 jier, hiene op in terraske oan de Marktstrjitte tafels en stuollen oer de kop smiten. Ek soene de beide manlju in taksy skansearre ha.

Ek yn Langwar moast de plysje yngripe. In ynwenner fan dat doarp waard sneintemoarn oanhâlden foar mishanneling. De 41-jierrige man soe in oare ynwenner fan Langwar (46) skopt en slein ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)