Soad toeristen troch moaie waar

23 jul 2006 - 13:26

It toerisme yn Fryslân profitearret folop fan it moaie waar. In soad minsken ha op it lêste momint besletten yn eigen lân te bliuwen. Foaral de kampings kinne dat fernimme: dy sitte goed fol.

Ek hotels en bungalows ha net in protte keamers mear frij. Benammen yn de Fryske alve stêden is it drok mei toeristen. It promoasjeburo Friesland Marketing hat freed in ynventarisaasje makke fan it tal toeristen yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)