1e klasse-partoeren PC bekend

23 jul 2006 - 11:55

De lêste earste klasse-keatswedstriid fan de searje is sneontemiddei yn Itens spile. Der is no bekend hokker seis earste klasse-partoeren meidogge oan de PC op 2 augustus yn Frjentsjer.

Dat binne de partoeren fan Geert Faber, Feite de Haan, Jouwert Nicolay, Johan Abma, Rutger van der Meer en Louwrents Reitsma. Feite de Haan komt foar de PC spesjaal oer út Kanada, dêr't er op it stuit fakânsje hâldt mei syn gesin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)