Grutte drankkontrôle yn Ljouwert

22 jul 2006 - 16:34

De plysje hat freed in grutte alkoholkontrôle hâlden yn Ljouwert. Goed 300 bestjoerders moasten blaze. Fiif har har krigen in boete om't se te folle dronken hiene. Ien fan de bestjoerders ried troch nei't er in stopteken krige fan de plysje.

Hy krige net allinnich in boete om't er mei drank op achter it stjoer siet, mar ek foar in ûnfersekere auto, gjin jildige APK en trochride nei in stopteken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)