'Gjin aksyns op biobrânstof'

© Omrop Fryslân
It bedriuw Solar Oil Systems yn Boijl krijt troch de grutte fraach nei alternative brânstoffen folle mear opdrachten as it útfiere kin. Neffens direkteur Hein Aberson moat de Nederlânske oerheid mear meiwurkje.
Skjinne brânstof soe neffens him deselde kâns ha moatte as fossile brânstoffen. Aberson wol 75 miljoen liter skjinne brânstof op de merk bringe en hat frijstelling oanfrege foar de aksynsheffing.