Konsertwykein Skier giet oer

22 jul 2006 - 10:58

It jierlikse konsertwykein op Skiermûntseach, dat pland stie foar 11 en 12 augustus, giet net troch. It keamermuzykevenemint soe dizze kear gearfalle mei it Schullefeest, mei mear lûdruchtige muzyk.

Ferskowing fan it Schullefeest wie net mooglik, en dêrom hat de organisaasje fan it konsertwykein besletten it konsert oergean te litten. It konsertwykein is bedoeld foar jong oanstoarmjend talint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)