Bysûndere eksposysje Belvédère

© Omrop Fryslân
"Dûnsje op in hynstekont" hjit de bysûndere nije eksposysje yn museum Belvédère yn Oranjewâld. 25 bern fan de ZMLK-skoalle Meester Duisterhout op It Hearrenfean makken tekeningen oer harren belibbenissen op skoalle. Dichteres Baukje Wytsma skreau der gedichten by.
De bern mochten freed sels harren tekening yn it museum opsykje. De tekeningen binne ek bondele yn in boek dat freed presintearre is.