Bart Helmholt wint al wer

21 jul 2006 - 15:52

Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat tongersdei yn Drylts syn njoggende oerwinning fan it seizoen helle. Mei in ôfstân fan 18.40 meter wie hy fierwei de bêste. Junior Hannes Scherjon fan Noardburgum kaam noch it tichtst by him yn 'e buert mei 18.15 meter.

De wedstriid hie folle minder kaliber as twa dagen lyn yn it Heidenskip. Doe sprong Helmholt in nij Nederlânsk rekord mei 19.77 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)