Blau-alch Griene Stjer wer fuort

© Omrop Fryslân
Ljouwert hellet freed de warskôgings- buorden en ôfsettingslinten by rekreaasjegebiet de Griene Stjer wei. Moandei waard ûntdutsen dat der blau- alch yn it wetter siet. De gemeente hat doe in part fan it wetter ôfset.
Fierder waarden minsken warskôge dat it net ferstannich wie om yn dat stikje wetter te swimmen. Yntusken hat bliken dien dat de blau-alch fuort is. Minsken kinne no wer sûnder risiko yn it hiele stik wetter swimme.