Huzebou Eastermar kin trochgean

© Omrop Fryslân
De bou fan 14 apparteminten en in skoalgebou yn Eastermar kin trochgean. Earder fan 'e wike like it der op dat de bou stillein wurde soe. Omwenners hiene by de rjochter beswier makke, omdat de gemeente by de fergunning- ferliening in flater makke hie.
Tytsjerksteradiel hie fergetten om it boubeslút op 'e tiid te ferlingen. De ried moast tongersdei spesjaal fan fakânsje weromkomme om dy flater rjocht te setten.