Rendac hellet wykein kadavers op
Yn ferbân mei it waarme waar sil destruksjebedriuw Rendac út Son ek dit wykein wer yn hiel Nederlân kadavers ophelje. Earder dizze moanne waard dat ek al dien yn ferbân mei de hege temperatueren.
Normaal wurde deade bisten yn it wykein net ophelle. Lytsfee dat yn fetten oanbean wurdt, sil normaal op de ôfsprutsen tydstippen ophelle wurde.