Miljoenen foar monuminten

© Omrop Fryslân
In tal ryksmonuminten yn Fryslân kin foar 6,5 miljoen euro opknapt wurde. Sa krije ûnder oare de Broeretsjerke yn Boalsert, de oargels fan de herfoarmde tsjerken yn Burgum en Koartesweach en de Roomsk katolike tsjerke op it Hearrenfean in bydrage.
De provinsje hat noch wol mear ferlet fan jild fan it ryk foar monuminten. Om alle restauraasjes dwaan te kinnen is in bedrach fan 8,5 miljoen euro nedich.