Brân op Lemster Aak
Der hat tongersdeitejûn brân west op in Lemster Aak. It skip lei yn it wetter oan de Potten by Offenwier by Snits. It is noch net dúdlik wat de oarsaak is fan de brân.
Der wiene gjin minsken oan board fan de boat. De brânwacht fan Snits is útrukt mei in boat om de brân te blussen. Ek omstanners hawwe mei holpen om it fjoer út te krijen.