Mooglik legionella yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn in gebou fan de GGZ yn Snits sit mooglik de legionellabaktearje. Dit docht bliken út kontrôle fan it wetterliedingnet. It giet om it gebou Woldenhof, dêr't 24 minsken wenje.
De definitive útslach wurdt takom wike ferwachte. Der binne noch gjin minsken siik. Der binne ek maatregels naam. Alle dûskoppen binne fuorthelle en de wetterlieding wurdt skjinmakke. De bewenners kinne wol gewoan ûnder de dûs.