ONS tsjin Appingedam foar beker
Fuotbalklub ONS út Snits spilet yn de earste ronde fan de KNVB-beker thús tsjin sneinshaadklasser Appingedam. Ek Harkemase Boys spilet thús, tsjin Argon út Mijdrecht. De wedstriden wurde 26 augustus spile. Mocht ONS winne fan Appingedam, dan spilet de ploech fan trainer Fred de Boer tsjin Jong AZ. Harkemase Boys moat by in oerwinning thús tsjin Vitesse út Arnhem.