Mear sike ipen yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Yn Dongeradiel binne op dit stuit mear sike ipen as yn oare jierren. Dat seit de Stichting Iepenwacht Fryslân. Dat is opfallend, omdat der yn oare gemeenten krekt minder sike beammen binne.
De Stichting Iepenwacht is ein juny begûn mei de kontrôles fan beammen. De stifting ropt minsken op om it te melden, at se in sike beam sjogge. De Iepenwacht soarget der dan foar dat de sike beammen fuorthelle wurde.