Maatregels by te min wetter

20 jul 2006 - 11:08

As der net gau in soad rein falt, kin net elke ynstânsje yn it noarden noch safolle wetter krije as nedich is. Op dit stuit komt der noch 1350 kubike meter wetter de sekonde by Lobith ús lân yn. Dat is folle minder as oars yn dizze tiid fan it jier.

Komt it oantal kubike meters ûnder de 1200 de sekonde, dan is der te min wetter en folgje der maatregels. De sintrale yn Burgum moat dan bygelyks ta mei minder kuolwetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)