Replika skip tsaar yn Harns

20 jul 2006 - 09:52

De replika fan it 18e ieuske skip fan tsaar Peter de Grote koe woansdei mar min de haven fan Harns binnen komme. It skip soe foar ien dei yn de Alde Bûtenhaven lizze op besichtiging, mar de fargeul wie net djip genôch.

Dêrom moast de 'Shtandart' wachtsje op heech wetter by Koarnwertersân. It skip wurdt no brûkt as opliedingsskip foar Russyske jongeren. Om 16.00 oere hinne wie it far djip genôch, en koe it skip de haven fan Harns binnenfarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)