Noch efterstân Fryske skoallen

© Omrop Fryslân
Fryske skoalbern ha noch hieltyd in efterstân op de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út in provinsjaal ûndersyk dat dien is ûnder sa'n 1100 bern.
Opfallend is dat it nivo fan skoalbern yn groep 4 noch boppe it lanlik gemiddelde leit, wylst dat yn groep sân ombûchd is nei in efterstân. De provinsje wol no ynsette op in kwaliteitsferbettering fan it ûnderwiis yn de boppebou.