Winst foar trio Maaike Joostema

© Omrop Fryslân
Op de frije formaasje-keatspartij yn Minnertsgea foar froulju gie de oerwinning woansdei nei Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra. Yn de finale wûnen sy mei 5-0 en 6-4 fan Afke Kuipers, Anna Lynn Wijbenga en Jindra ten Kate.
Tred waard de favorite formaasje Géjanna Buma, Deborah Oosterman en Afke Hylkema. Sy ferlearen yn de heale finale mei alles oan de hang fan de lettere preemje winnaars.