Mear histoaryske bustochten

19 jul 2006 - 17:17

Der komme fan it simmer wer in pear nije toeristyske rûtes mei histoaryske autobussen by yn Fryslân. Ferline jier rieden de histoaryske bussen al yn de bosken by Appelskea en yn de Alde Feanen by Earnewâld.

No komme der ek rûtes yn Gaasterlân, yn it terpegebiet by Ferwert en by it Waad. De rûtes wurde kombinearre mei oare aktiviteiten, lykas boattochten. Plannen dêrfoar wiene der ferline jier ek al, mar der wie doe gjin jild foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)