Eigen iten tastien op starteilân

19 jul 2006 - 15:29

Besikers fan it starteilân yn de Snitsermar by Snits meie gewoan sels iten en drinken meinimme. De gemeente Snits is net fan doel soks te ferbieden.

Eigner Ridha Vellinga fan kafee- restaurant It Foarûnder op it starteilân woe dat in part fan it starteilân ôfsletten wurde soe as eveneminteterrein. Neffens de gemeente krijt Vellinga jild foar it skjinhâlden fan it eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)