Swanne-aaien skodzje is tastien

© Omrop Fryslân
Natuerbehearders yn Fryslân meie aaien fan knobbelswannen, lytse swannen en wylde swannen skodzje, prikke en meinimme. Se kin foarkaam wurde dat se te machtich yn getal wurde. De Steatsrie hat dat woansdei sein.
De stifting Faunabeskerming hie de saak oankaarte, om't dy net wol dat der mei de swanne-aaien omgriemd wurdt. De natuerbehearders sizze lykwols dat de swannen in soad ferniele op lânbougrûn.