Brân op syljacht yn Langwar

© Omrop Fryslân
By in brân op in syljacht yn Langwar binne tiisdei 2 minsken ferwûne rekke. Se wiene dwaande in kampinggas-blikje ûnder in lampe te draaien. Der is doe nei alle gedachten wat gas ûntsnapt.
In waksineljochtsje sette de saak yn de brân. De skipper (42) út Nuenen sprong yn it wetter en waard dêr troch omstanners úthelle. Hy is mei brânwûnen nei it sikehûs yn Grins brocht. De frou is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.