Hoogeveen mist kompetysjestart
Cambuurspiler Berry Hoogeveen is trije oant seis wiken útskeakele troch in blessuere oan syn hamstring. Dêrtroch mist er de earste kompetysjewedstriid op 11 augustus tsjin AGOVV.
Yn de oefenwedstriid tsjin de regioseleksje fan Koatstertille skuorde Hoogeveen in spierke yn syn hamstring. De middenfjilder kaam dizze simmer oer fan BV Veendam.