Projekt foar in feilich Ljouwert

19 jul 2006 - 11:32

De bou fan goedkeape hierwenten, de feilichheid yn de wiken en saken op it mêd fan leefberheid sille tenei better regele wurde. De gemeente Ljouwert hat hjiroer prestaasje ôfspraken mei de wenningboukorporaasjes makke.

It giet oer alles wat mei de bou fan wenten en de leefberheid en feilichheid yn de wiken te krijen hat. De ôfspraken rinne oant 'e mei 2009. Neffens wethâlder Sluiter is der sprake fan in unyk projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)