LPG-tank by MCL moat fuort
De LPG-ynstallaasje fan de Esso-pomp by it MCL yn Ljouwert moat ticht. Neffens de saakkundigen is it risiko te grut. De grutte gastank kin ûntploffe en dat soe in ramp feroarsaakje.
Benammen it sikehûs rint grut gefaar. De gemeente Ljouwert sil ynkoarten om de tafel mei de eigner om te praten oer de problemen en oplossingen.