Oanriding yn Aldeberkeap

© Omrop Fryslân
In man fan 49 jier út Noardwâlde is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Aldeberkeap. De man remme ôf foar in kat dy't oerstuts en waard dêrnei oanriden troch de frachtauto dy't achter him ried.
De sjauffeur koe sa hurd net mear remje. De man út Noardwâlde kaam mei syn auto tsjin in beam oan. Hy is troch de brânwacht út de auto helle en mei ferwûnings oan de nekke en de rêch nei it sikehûs brocht.