Swimwetter hast oeral goed

© Omrop Fryslân
Der sit wol blau-alch yn it wetter fan rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert. Benammen de boppeste laach fan it wetter is fersmoarge. Op wat gruttere djipte is de kwaliteit wol goed. Dat jildt ek foar de rest fan Fryslân. Der binne gjin oare offisjele swimplakken dêr't no problemen binne.
De ôfdieling fan de provinsje dy't him dwaande hâldt mei de kwaliteit fan it Fryske swimwetter hat it no smoardrok mei alle fragen dy't binnenkomme.