Droechte: peil Iselmar omheech

18 jul 2006 - 17:38

It wetterpeil yn de Iselmar is ferhege en de sluzen wurde hast hielendal ôfsletten. Dat gebeurt as maatregel om de droechte tsjin te gean. Dat hat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat tiisdei besletten.

De maatregels wurde nommen om de kwaliteit fan it wetter te beskermjen, de foarried drinkwetter te fergrutsjen en de elektrisiteitsfoarsjenning op peil te hâlden. Der is no noch gjin alarmearjend wettertekoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)