Reorganisaasje by CHF

18 jul 2006 - 16:55

De Corporatieholding Friesland reorganiseart it bedriuw mei yngong fan takom jier. De organisaasje wurdt ûnderferdield yn fjouwer parten. De ôfdieling dy't him mei klant en merk dwaande hâldt, komt sintraal te stean, lykas it behear fan de wentefoarried.

Bestjoerder Jos Herberigs wurdt ferfongen. De holding is op syk nei in nije bestjoerder. Ferline jier waarden by in krisis trije minsken út har funksje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)