Gjin wetteropslach yn Lemsterhop

18 jul 2006 - 15:55

Der komt foarearst gjin mar om wetter op te slaan yn de polder Lemsterhop, oan de eastkant fan De Lemmer. De ynwenners fan it gebiet binne der op tsjin. Sy binne benaud dat der allegear fûgels yn de mar komme, dy't oerlêst feroarsaakje.

It wetterskip sjocht no nei oare maatregels, lykas it útwreidzjen fan de kapasiteit fan it besteande gemaal. No ûntstiet der noch wetteroerlêst yn de Lemsterhop as it in skoft fûl reint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)