Priis NHL foar ûntwerp U2-studio

18 jul 2006 - 12:26

Fjouwer boukundestudinten fan 'e NHL hawwe prizen wûn foar it ûntwerp fan in nije studio foar de wrâldferneamde popgroep U2. Yn de Ierske haadstêd Dublin wurdt it havengebiet opknapt.

It stedsbestjoer woe dat it nije gebou fan U2 dêr in belangryk plak yn krijt. Neist de opnamestudio komme der ek apparteminten, kantoaren en hoareka. De lûdstrillings fan de studio meie net yn de rest fan it gebou te fernimmen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)