SP: needfûns foar pleechgesinnen

© Omrop Fryslân
De SP Fryslân wol dat der in needfûns oprjochte wurdt foar pleechgesinnen. Se ha deputearre steaten dêrom frege. Troch in manko yn 'e nije soarchwet moatte pleechgesinnen no sels opdraaie foar de oanfullende fersekering fan harren pleechbern. Bygelyks brillen en beugels wurde net mear automatysk fergoede.
Salang't dêr gjin strukturele oplossing foar fûn is, moat in needfûns útkomst biede, fynt de SP.