Botulisme stekt de kop wer op

18 jul 2006 - 10:25

Op It Hearrenfean binne tsientallen fûgels deagien troch botulisme. Ek yn Ljouwert en Kollum binne deade fûgels fûn. De sykte ferlammet de bisten. It Wetterskip Fryslân warskôget rekreanten net te swimmen yn wetter mei deade fûgels deryn.

Minsken gean net dea oan botulisme, mar wurde der wol siik fan. Foar wetterfûgels is de sykte wol fataal. Dat komt troch ôfskieding fan baktearjen yn waarm wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)