'Fytsers te lang foar read'

18 jul 2006 - 10:19

Fytsers moatte minder lang hoege te wachtsjen by de stopljochten yn Ljouwert. Yn de Ljouwerter gemeenteried tsjinnet de FNP jûn in moasje yn mei dy strekking.

Op in protte plakken moatte fytsers betiden minutenlang wachtsje foardat se fierder kinne. Faak wurdt der dan troch read fytst en dat is gefaarlik. Neffens de FNP moat de de maksimale wachttiid foar fytsers ien minút wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)