33 ynstjoerings foar Liet 2006

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Fryske sjongfestival Liet hat 33 ynstjoerings ûntfongen foar de sechtjinde edysje op sneon 7 oktober. In sjuery besteande út dichteres Albertina Soepboer, popkonsulint Jan Jelle Koerts en Beart Oosterhaven fan 'e Fryske Akademy, sil de kommende tiid oer de 33 nûmers gear en in seleksje meitsje.
Yn 'e twadde wike fan septimber wurdt bekendmakke hokfoar tsien lietsjes de finale fan Liet 2006 helle hawwe.