Bruggink nei Hannover '96

17 jul 2006 - 16:45

Fuotballer Arnold Bruggink spilet de kommende trije jier foar Hannover '96 yn Dútslân. De oanfallende middenfjilder spile de lêste twa seizoenen foar SC Hearrenfean, mar dy club woe syn kontrakt net ferlinge.

Hannover '96 eindige it ôfrûne seizoen as nûmer 12 yn de heechste Dútske divyzje. Foar SC Hearrenfean spile Bruggink yn goed fyftich kompetysjewedstriden mei. Dêryn makke er sân doelpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)