Film Verhoeff oer Gert & Hermien

© Omrop Fryslân
Frysk regisseur-om-utens Pieter Verhoeff makket in film oer Gert en Hermien. It sangduo wie benammen yn de jierren sechtich ferneamd mei harren Nederlânsktalige lieten.
De film wurdt ferteld út it perspektyf fan Hermien wei. Fierders wurdt ek yngien op de skieding en de ynsest-beskuldigings fan de beide dochters fan Gert en Hermien. Verhoeff makke earder ûnder oare de Fryske films Nynke, de Dream en De Fjoertoer.