Frou mei scootmobyl yn sleatswâl

© Omrop Fryslân
In 84-jierrige frou út Seisbierrum is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. Se ried op har scootmobiel en rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk. De scootmobiel sloech om en de frou kaam yn de sleatswâl telâne.
Omstanners hawwe de frou derút helle. Se hie ferwûnings oan in knibbel en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.