Van der Burg sterk yn Roemenië

© Omrop Fryslân
Germ van der Burg fan Folsgeare wûn snein de earste etappe yn de Ronde fan Roemenië. Mei dy oerwinning naam hy de giele trui oer fan Sierd Steigenga fan Eskmoarre, dy't sneon de prolooch wûn hie. De Ronde fan Roemenië duorret noch oant en mei snein 23 july.
René Hooghiemster fan Oentsjerk wie snein de bêste yn it kritearium fan Schoonoord. Gijs Brouwer fan Deventer waard twadde, Jan Hendrik Westra fan Oerterp tredde.