Poëzijrûte yn it Snitsers

© Omrop Fryslân
Wethâlder Hans van den Broek en skriuwer/dichter Henk van der Veer hawwe sneon de earste poëzijtegel fan Snits ûntbleate. Dat barde op de Easterdyk foar de winkel fan Brattinga. It gedicht is in earbetoan oan de bekende Snitser Freek Piso dy't ferline jier ferstoar.
Doel is úteinlik in poëzijrûte yn it Snitsers. Minsken kinne sels in gedicht ynstjoere. De bêsten komme op sa'n tegel yn 'e Snitser binnenstêd.