Hearrenfean wint fan Stormvogels

17 jul 2006 - 12:13

SC Hearrenfean hat sneon ek de tredde oefenwedstriid yn 'e tarieding op it nije seizoen wûn. It waard yn Aldegea Wymbritseradiel 2-1 tsjin Stormvogels Telstar. Foar Hearrenfean skoarden Afonso Alves en Lasse Nilsson. Jan Bruin, âld-spiler fan Cambuur, makke it doelpunt foar Telstar.

De seleksje fan SC Hearrenfean is de kommende wike foar in trainingskamp op It Amelân. Woansdei is it eilanner Giel-Wyt de tsjinstanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)